Earnewâld wint by Terherne

28 jul 2010 - 16:46
  • De rûte by Terherne

Earnewâld pakt de SKS oerwinning by Terherne. Gerhard Pietersma wie tige bliid, ek omdat er moandei noch in protest krige. Twadde waard De Jouwer, tredde It Hearrenfean. Earnewâld helle de Jouwer op'e helte fan de wedstriid yn.

It wie in spannende wedstriid, mei sa út en troch wynstjitten. De striid spile him foaral ôf om de plakken twa, trije en fjouwer hinne. Grou en Boalsert hiene protest tsjin inoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)