Earnewâld krijt Wiidpleats

29 maaie 2008 - 10:42

It kombinearre lânboumuseum en besikerssintrum fan It Fryske Gea yn Earnewâld krijt ien namme: De Wiidpleats. Kommende sneon moat it earste part, it besikerssintrum, iepene wurde. It lânboumuseum folget ein juny. De bou hat mei-inoar 5,5 miljoen euro koste.

De brânblusynstallaasje is folle djoerder wurden as earst tocht troch nije easken fan de brânwacht. Dêrtroch kinne tal fan enerzjybesparjende maatregels net útfierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)