Earmerkwegerers meie DNA brûke

09 sep 2000 - 17:55

Earmerkwegerers meie har kij foarearst registrearje fia DNA. Steatssiktaris Faber komt dêrmei de 67 Fryske boeren dy't har kij gjin giele flap yn it ear dwaan wolle yn 'e mjitte.

De regeling jildt oant ein 2001. Dan beslist de Europeeske Kommisje oer registraasjefoarmen foar kij. De DNAregistraasje kostet de boeren 20 gûne de ko mear as in earmerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)