Earme gemeenten fange mear asylsikers op as rike

21 sep 2015 - 10:48

Earme gemeenten lykas It Bilt en Dongeradiel ha de ôfrûne tsien jier folle mear asylsikers opfongen as gemeenten mei rike ynwenners. Dat docht bliken út ûndersyk fan de NOS. It Bilt en Dongeradiel hearre by it rychje earmste gemeenten, minsken ha dêr jierliks yn trochsneed 18.000 euro út te jaan. It Bilt hat al jierren in AZC, Dokkum hat der ien hân en krijt der wer ien.

Dat earmere gemeenten faker asylsikers opfange soe komme trochdat it wurkgelegenheid opsmyt. Neffens it COA komt it ek trochdat de polityk yn dy gemeenten mear meiwurket.

De Partij van de Arbeid yn de Twadde Keamer is hiel kritysk op dizze gong fan saken. De PvdA fynt dat alle gemeenten ree wêze moatte soene om in bydrage te leverjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)