Earm kwyt troch ûngelok

29 sep 2002 - 00:00

By in ûngelok sneon by De Jouwer is in Ljouwerter (37) syn earm kwytrekke. De bestjoerster miste in flauwe bocht en ried tsjin in boerd oan. De punt derfan bruts it autorút, de earm waard nei bûten slingere en derôf rukt. De wein sloech oer de kop. De ynsittenden binne nei it sikehûs brocht.

De earm is weromfûn mar koe yn it sikehûs net mear oanset wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)