Earherstel foar Anne Oud

17 feb 2010 - 15:57

Nei 65 jier siket de famylje fan Anne Oud fan It Amelân earherstel. Wie de plysjeman goed of fout yn 'e Twadde Wrâldoarloch? Sûnder besittings kaam er yn 1945 werom op it eilân. Hy stoar flak dêrnei, geastlik en lichaamlik brutsen nei syn tiid yn it konsintraasjekamp. De famylje hat de persoanlike besittings no wer krigen út it Dútse argyf fan kriichsfinzenen yn Bad Arlsen.

Coby Hartman wol oer de syktocht nei it ferline fan har omke in boek skriuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)