Earfolle fermelding museum

22 mrt 2013 - 16:35
  • It nije Frysk Museum yn Ljouwert

It nije gebou fan it Fries Museum yn Ljouwert hat in earfolle fermelding krigen foar de arsjitektuerpriis BNA gebou fan it jier 2013. It giet dan om de miening fan in faksjuery.

Yn de regio Noardeast wiene der 72 ûntwerpen ynstjoerd. Dêrfan binne twa nominearre foar de folgjende ronde. Dêr is it Fries Museum net by. Wol makket it noch kâns op de publykspriis. Minsken kinne fia ynternet stimme op de gebouwen dy't dêr foar yn de beneaming komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)