Earetitel foar Marcel Beima

03 jan 2005 - 11:14

Marcel Beima fan Hurdegaryp is op de webside Wielrennen.net útroppen ta populêrste en bêste noardlike hurdfytser fan 2004. Hy krige by de stimming 10,6 persint fan de fjouwerhûndert útbrochte stimmen. Wielrennen.net is in noardlike fytswebside.

Beima fytste ôfrûne jier foar it Löwik Tegeltoko team en helle ferskate eareplakken yn binnen- en bûtenlân. Hy wûn ûnder mear de Gouden Pijl van Emmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)