Earepenning nei iisklup Akkrum

17 des 2012 - 22:08
  • Earepenning foar iisclub Foarút fan Akkrum

Iisklup Foarút fan Akkrum is yn syn jubileumjier keninklik ûnderskieden. Ut hannen fan boargemaster Ton Baas krige de foarsitter fan de 150 jier âlde klup moandeitejûn de Keninklike Earepenning. It is ien fan de âldst oansletten ferienings by de KNSB en ûnderskiedt him troch it organisearjen fan wedstriden foar de jeugd en bysûndere eveneminten.

Sa organisearje se sa no en dan in Nederlânsk of Frysk kampioenskip koarte- of langebaan foar it gewest Fryslân. Twa kear yn de lange histoarje fan de iisklup hawwe se belslydwedstriden hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)