Earedivyzje frouljusfuotbal

02 mrt 2007 - 11:56

It fuotbalbûn KNVB makket 9 maart bekend hokker klubs meidogge oan in earedivyzje foar frouljus-fuotbal. Der binne op syn minst seis klubs nedich, njoggen klubs binne oanmeld. Ek SC Hearrenfean en Cambuur wolle meidwaan.

Cambuur liket it fierst te wêzen mei de tariedings. SC Hearrenfean hat him wol opjûn, mar wol earst mei oare dielnimmers oerlizze oer hoe't sa'n kompetysje der krekt útsjen moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)