Earebetoan Hazes goed besjoen

28 sep 2004 - 15:33

Kafee Het Wapen van Leeuwarden hie moandei it grutte fideoskerm fan souder helle om de televyzje-útstjoering oer André Hazes te sjen. De ferstoarne folkssjonger hat fjouwer kear yn it kafee optreden, ek yn 'e tiid dat er dat offisjeel net mear die.

Yn 'e Amsterdam Arena wie moandei in grutte betinking. De kiste stie op de middenstip. De live tv-útstjoering waard goed besjoen. André Hazes wurdt tiisdei kremeard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)