Eardopkes yn 'e automaat

10 okt 2006 - 16:38

Friesland Foods biedt yn 'e automaten tenei ek batterijen, usb-sticks en eardopkes foar mp3-spilers te keap oan. Friesland Foods en Masterfoods hawwe dêrfoar mei Philips ôfspraken makke. De masines stean benammen op skoallen, treinstasjons, yn sikehûzen en bedriuwen.

By de automaten is oars inkeld mar iten en drinken te krijen. By wize fan test giet it earst om fyftich automaten dy't ek non-food ferkeapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)