Eardere disko De Bult ôfbaarnd

11 jul 2008 - 18:42
  • Fan disko De Bult bleau neat oer

De eardere diskoteek De Bult by Bakkefean is freedtejûn folslein ôfbaarnd. De disko gong ferline jier ticht en waard ferboud ta wenhûs. De ferbouwing wie hast klear.

Troch de grutte brân fan freedtejûn is it hûs ferlern gong. Ferskate brânwachtkorpsen waarden ynsetten om it fjoer te bestriden. By de brân is ek noch wat asbest frij kaam. De oarsaak fan de brân is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)