Earder Ingelske les op skoallen?

15 sep 2001 - 00:00

Bern op de basisskoalle moatte net pas yn groep 7, op 10-jierrige leeftiid, mei Ingelsk begjinne, mar fuort yn groep 1, op 4-jierrige leeftiid. De bern leare de taal dan op in natuerliker wize en krije ek de útspraak better yn 'e macht.

Mei dat advys kamen taal- en ûnderwiiseksperts út Finlân en Spanje sneon op in konferinsje yn Ljouwert oer trijetalichheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)