Earder freegje nei ambysjes

26 maaie 2010 - 19:33

Heechbejeftige bern op Fryske basisskoallen moatte earder frege wurde wat krekt har ambysjes binne. Dat sei ûnderwiisadviseur Jan Kuipers fan Cedin woansdei op in kongres foar Fryske juffen en masters oer it ûntwikkeljen fan talinten by bern mei in heech nivo.

Learlingen sizze faak net sels hokker oplieding en wurk se dwaan wolle. Faak hat dit te krijen mei skamte. As ûnderwizers har freegje nei ambysjes kinne bern better holpen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)