Eangstkultuer op gemeentehûs

16 apr 2013 - 11:59
  • Eangstkultuer yn Smellingerlân
  • Gemeentehûs Smellingerlân
  • Yngong gemeentehûs Smellingerlân

Op it gemeentehûs fan Smellingerlân hearsket al jierren in eangstkultuer. Amtners wurde yntimidearre en ûnder druk set troch liedingjaanden, wylst dêr gjin oanlieding foar is as it giet om it wurk dat de minsken dogge. Geregeld resultearret dat der yn dat minsken fuortpest wurde, har fuortpeste fiele of der siik fan wurde. It probleem spilet op in soad ôfdielings, amtners sizze dat it 'gemeentehûs-breed' in probleem is. Der wurdt praat oer machtsmisbrûk troch de top fan it amtlik apparaat.

Ferskate amtners wurde sûnder dúdlike oanlieding ûntslein of wurdt ûntslach oansein. De minsken yn kwestje hawwe oant dan gjin minne beoardielings hân. Se wurkje der oer it generaal al lang oant hiel lang nei tefredenheid. Se kinne oer it generaal goed mei de direkte kollega's. Mar as de problemen ûnstean, helpe dy kollega's net, omdat se dêr te benaud foar binne, dat sy dan ek ûnder fjoer komme.
Amtners hawwe it gefoel dat se net feilich binne. Se doare harren problemen net oan te kaarten. De gemeente hat in fertrouwenspersoan, mar dy wurdt beskôge as sadanich swak, dat minsken dêr net mei har ferhaal hinne doare.
Yn elts gefal twa amtners dy't ûntslach oansein krigen hawwe, hawwe beswier makke en in rjochtsaak fierd, dy't sy wûn hawwe. De rjochter hat yn beide gefallen sein dat de gemeente in regeling mei de amtners treffe moast: se wer yn tsjinst nimme of hâlde, of in befredigjende regeling treffe. Dy saken rinne noch, want de gemeente jout tsjingas. Dizze minsken kamen ûnder fjoer omdat se der bygelyks wat fan seine as net de goede prosedueres folge waarden by it ferfoljen fan fakatueres. It komt ek foar dat minsken dy't mei in dúdlike, troch arbo- of húsarts stipe reden thús sitte fanwege sykte, as se wer oan it wurk wolle, bot tsjinwurke wurde. De minsken wurde ferbaal yntimididearre, mar dus ek fia prosedueres.

De minsken dêr't Omrop Fryslân mei praat hat, meitsje diel út fan in groep ferûntrêste amtners dy't har yntusken ferienige hawwe en besykje omtinken foar de situaasje te krijen. It soe gean om in groep fan mear as tweintich minsken. Se hawwe yntusken in stevige triuw yn de rêch krige troch in rapport fan BING, it Buro Integriteit Nederlandse Gemeenten. Yn opdracht fan de rekkenkeamer hat dat buro ûndersyk dien nei it yntegriteitsbelied fan de gemeente Smellingerlân. Dat rapport hat nochal wat krityk op dat yntegriteitsbelied. Sa funksjonearret de fertrouwenspersoan net goed genôch en is der net in goede klokliedersregeling.

De gemeenteried fan Smellingerlân hat yntusken unanym útsprutsen dat de oanbefellings fan it rapport oernaam wurde moatte troch it kolleezje. Dat kolleezje komt yn de ried fan maaie mei in reaksje. It rapport fan BING is trochspile nei Twadde-Keamerlid Pierre Heijen fan de PvdA, mei in analyze fan de groep ferûntrêste amtners oer wat der spilet. Neffens Heijnen moat ûndersyk dien wurde nei de beskuldigings. Hy advisearret de groep amtners om it oan de boargemaster foar te lizzen. As dat net helpt, oan de kommissaris fan de Keninginne. De groep amtners hat noch gjin gesprek regelje kinnen mei de boargemaster en hat him dêrom rjochte ta de kommissaris fan de Keninginne.

De gemeente Smellingerlân seit yn in skriftlike reaksje dat se in feilige organisaasje foar de meiwurkers hawwe wolle en dêr ek oan wurkje. Dat dochs arbeidskonflikten ûntstean, is in feit. De gemeente fynt it spitich dat in tal meiwurkers de publisiteit opsocht hat. It is net yn it belang fan harren sels, en ek net fan de gemeente om it konfikt yn de media út te fjochtsjen, fynt de gemeente. De gemeente seit yn de media net yngean te wollen op yndividuele gefallen. Yn it algemien wol de gemeente sizze dat it harren bekend is dat der minsken binne dy't problemen hawwe op it wurk. Dat muoit harren. De gemeente seit fuortendaliks te hanneljen as der problemen binne yn de wurksfear. De gemeente wol de saak net bagatellisearje, mar de stelling dat 'tsientallen meiwurkers' jierrenlang de wurksfear as ûnfeilich ûnderfine en dat se harren net serieus fiele, herkent de gemeente net. De brede eangstkultuer herkent de gemeente ek net. Yn 2007 hat de gemeente de tefredenheid fan de meiwurkers anonym ûnderyskje litten neffens in lanlik akseptearre objektive metoade. De konkúzje wie doe dat de gemeente boppe it lanlik trochsneed skoart. Yn 2010 is it ûndersyk nochris dien en doe wie de skoare ek boppe it trochsneed. Yn 2013 wurdt wer in ûndersyk dien nei de tefredenheid fan de meiwurkers. As der dan echt problemen wêze soene mei de feilige kultuer en mei de sfear op it gemeentehûs fan Smellingerlân, dan sil dat út it ûndersyk bliken dwaan, sa seit de gemeente Smellinglân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)