Eangst by hoareka-ûndernimmers oer konvenant alkoholmisbrûk

27 jan 2015 - 20:59

Hoareka-ûndernimmers yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne benaud foar de gefolgen fan it nije hoarekakonvenant dat tiisdei sletten is mei de gemeenten. Yn it konvenant is ûnder oaren ôfpraat dat de ûndernimmers noch better tafersjoch hâlde moatte op drinkende jongeren. Ek moatte se mear klam lizze op de neidielen fan alkohol. Neffens de ûndernimmers kostet dat klanten.

Sa sil de jeugd útwike nei de keten of gewoan thús alkohol drinke. De ûndernimmers wolle derom dat ek yn supermerken mear tafersjoch komt op de ferkeap fan alkohol.

Ek soe de gemeente optrede moatte tsjin de keten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)