Eachoperaasjes bliuwe mooglik

15 jan 2008 - 17:34

Eachoperaasjes bliuwe mooglik dochs yn Harns. Soarchgroep Noorderbreedte wol 3 ton yn nije operaasjeapparatuer stekke. Dat beslút stiet lykwols los fan 'e sluting fan OK's yn Harns. It MCL wol dat dwaan fanwege besuniging.

Sikehûsmeiwurkers, direksje en it Harnzer gemeentebestjoer fierden tiisdei yn Den Haach aksje foar behâld fan de operaasjekeamers yn MCL Harns. Dy diskusje moat noch yn 'e Keamer fierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)