E-nûmers spylje de haadrol

05 jun 2014 - 11:33
  • Hoefolle E-nûmers soene hjir yn sitte?

Yn ús iten sitte tal fan E-nûmers ferwurke. Se stean foar stoffen dy't yn it iten sitte. Net alle E-nûmers binne like sûn. Om minsken bewust te meitsjen hokker skealike stoffen efter de E-nûmers sitte en wat de bywurkings wêze kinne, hawwe studinten fan de Popakademy yn Ljouwert ludike filmkes makkke.

De studinten fan de oplieding Muzyk & Foarmjouwing krigen de opdracht om filmkes te meitsjen oer in tema dat harren dwaande hâldt. Yn de filmkes 'Als een E-nummer een persoon zou zijn' krije de E-nûmers in gesicht.

Neffens studint Wytse Dijkstra is it net de bedoeling om minsken te fertellen wat goed of ferkeard is. 'Wy wolle de konsumint allinnich bewust meitsje fan hokker stoffen der yn ús iten sitte. Wa wit sjogge se dan sels wat faker op de produktomskriuwing wat der yn sit.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)