E-kwadraat wer nominearre

30 okt 2008 - 14:13

It Ljouwerter advysburo E-Kwadraat mei syn titel ferdigenje by de Gazelle Award. Dy wurdt takend oan in bedriuw wêrfan de omset yn trije jier tiid mear as 20 prosint groeid is. De priis is in inisjatyf fan it Financiële Dagblad, it MKB, it ministearje fan ekonomyske saken en in tal banken.

Ferline jier wûn E-Kwadraat, in advysburo dat projekten op it mêd fan duorsumens ûntwikkelet, dy priis. Neist E-Kwadraat is ek Aquario Watermanagement út Snits nominearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)