E-fyts definityf 25km/u

21 nov 2012 - 12:36
  • Fytspaad

It fermogen fan 'e elektryske fyts wurdt net frijjûn. Dat hat it Europeesk Parlemint besletten. Yn 'e praktyk betsjut dit dat in elektryske fyts net hurder gean mei as 25 kilometer yn 'e oere.

De Accell-groep op It Hearrenfean, dy't in soad elektryske fytsen makket, is bliid mei dit beslút. Direkteur René Takens fan Accell fynt it wichtich foar de ferkearsfeilichheid dat de elektryske fyts net hurder giet as oare fytsen. De elektryske fyts is goed foar goed 20% fan de omset fan Accell.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)