DynYnset aktiveart wurkleazen

09 des 2013 - 12:46
  • Wethâlders Rypstra en Antuma joegen it startsein foar DynYnset

Tsientallen wurkleazen yn Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen hawwe de ôfrûne moannen as frijwilliger de hannen út de mouwen stutsen. Se dogge dit yn it ramt fan it projekt DynYnset. Mei DynYnset hoopje de gemeenten minsken mei in útkearing by de maatskippij te belûken. It is foar de wurkleazen ferplicht om har by it projekt yn te skriuwen.

Se krije in petear en kinne ynset wurde op klussen dy't by har talinten passe. It giet dan om saken as it skjinmeitsjen fan in skoalplein of helpe by de soarch oan âlderein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)