Auto's wei-ynspekteurs Rykswettersteat faker oanriden

16 feb 2015 - 08:20

Wei-ynspekteurs fan Rykswettersteat wurde hieltyd faker slachtoffer fan in oanriding. It lêste jier wiene der 21 gefallen fan oanridings. Dêr rekke gjinien by ferwûne, mar de materiële skea wie grut. Yn 2013 wiene der noch fjirtjin oanridings.

De ynspekteurs ride moarns en middeis yn de spits by drokke ferkearspunten del. Sa kinne se gau yngripe by ûngelokken of autopech. As it nedich is, sette se de wei ôf mei in auto. By ûnfeilige ferkearssituaasje komme se ek yn aksje.

Yn hiel Nederlân wurkje 250 dyksynspekteurs. Yn Noard-Nederlân hâlde fjirtjin ynspekteurs fan Rykswettersteat de wegen yn de gaten. Koartlyn waard de auto fan de Fryske wei-ynspekteur Gerard Woudberg totall loss riden, wylst er sels fierderop oan it helpen wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)