Dykstra Splash-kampioen

23 maaie 2004 - 00:00

De iepen Nederlânske Kampioenskippen yn de klassen Optimist, Splash en Flash lutsen dit wykein mear as 500 dielnimmers út binnen- en bûtenlân nei Warkum. De foar in grut part jonge silers hiene it sneon dreech mei de hurde wyn op de Iselmar. Der wiene doe sa'n 30 útfallers.

Hielke Dykstra fan Terherne waard kampioen yn 'e Splash-klasse. Auke van der Werf fan De Jouwer die it knap yn 'e Flash-klasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)