Dykomlizzing by Drachten

08 sep 2008 - 10:28
  • Yn desimber wurdt der begûn mei de brêge

Yn it ramt fan de tariedings foar de útfiering fan it Drachtsterfeart-projekt wurdt op it stuit wurke oan de oanlis fan in tydlike paralleldyk neist de Suderhegewei, de belangrykste trochgeande dyk troch Drachten hinne.

By it krúspunt mei it Mûnein sil yn desimber begûn wurde mei de bou fan in brêge. It ferkear sil 1,5 oant 2 jier gebrûk meitsje moatte fan de tydlike dyk. Alle dagen ride der sa'n 20.000 auto's en frachtweinen oer de Suderhegewei hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)