Dykgraaf Van Erkelens: op nei de folgjende seis jier?

21 sep 2015 - 14:15
  • Van Erkelens (r.), hjir tegearre mei wethâlder Offinga (l.)

Paul van Erkelens is foardroegen foar werbeneaming fan seis jier as dykgraaf fan Wetterskip Fryslân. De werbeneaming soe op 1 jannewaris 2016 yngean moatte. Dan rint syn amtstermyn fan seis jier ôf.

Van Erkelens is sûnt 2004 dykgraaf. De werbeneamingskommisje is tefreden oer syn wurk. It algemien bestjoer fan it Wetterskip beslút op 29 septimber definityf oer de foardracht. Dat beslút giet nei de provinsje, dy't Van Erkelens foardraacht by de minister. De úteinlike beneaming wurdt dien troch de Kroan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)