Dykbewaking wurdt wer ôfboud

18 jan 2007 - 21:47
  • Heech wetter by Holwert. De pier strûpt der hast ûnder. (Foto Lieuwe Oldersma)

It wetter yn Harns hat yn de nacht fan tongersdei op freed in hichte berikt fan 3.31 boppe NAP, twa meter mear as de gewoane stân fan 1.10 boppe NAP. De hege stân wie foar it wetterskip oanlieding foar folsleine dykbewaking. Dy bewaking waard ôfboud doe't de stoarm oer it hichtepunt hinne wie.

By Lauwerseach kaam it wetter oant 2.65 boppe NAP, ek gâns heger as de gewoane wearde fan 1.17 boppe NAP. Freed wurde de diken nochris neirûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)