Dykbewaking net mear nedich

22 okt 2014 - 11:20

It wetterskip is woansdeitemoarn om in oere as alve ophâlden mei de dykbewaking. Dat is dien omdat it wetterpeil flink sakke is. Wol bliuwe de meiwurkers wach. Se besjogge woansdeitemiddei oft de diken ek skea oprûn hawwe. Ek helje se dan eventuele rommel fuort dy't oanspield is.

It wetterskip hie moarns betiid in aksjesintrum ynrjochte om de noardwesterstoarm yn 'e gaten te hâlden. By dykbewaking ride meiwurkers fan it wetterskip lâns de kust.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)