Dykarbeider oanriden by Harns

23 mrt 2012 - 18:00

In 30-jierrige dykarbeider út Gieten is freed ferwûne rekke op de N31 by Harns. De man waard oanriden doe't er mei in kollega buorden pleatste yn de berm fan de sneldyk. In frachtweinsjauffeur út Urk moast útwike foar in tsjinlizzer en ried de man oan.

De dykarbeider rûn slimme ferwûnings oan in skonk en syn rêch op. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)