Dyk yn Olterterp moat feiliger

17 apr 2009 - 12:40

Opsterlân moat It Aldhof yn Olterterp feiliger meitsje. Dat fine bewenners en plysje. By in snelheidskontrôle tongersdei ried mear as 93 prosint fan de bestjoerders te hurd. De plysje kontrolearre 322 auto's, dêrfan rieden der 300 te hurd. De fluchste bestjoerder gie 114 kilometer yn it oere. Sechtich is it maksimum.

De plysje hâlde de kontrôle om't der in soad klachten wiene fan omwenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)