Dyk tusken Meppel en Lankhorst is ticht troch ûngelok

18 nov 2015 - 08:22
  • File (argyffoto)

Ferkear dat fan It Hearrenfean nei Zwolle wol, moat woansdeitemoarn omride fia De Jouwer. Op de A32 tusken Meppel en it knooppunt Lankhorst is in frachtwein mei bargefet kantele. Rykswettersteat ferwachtet dat se de hiele moarn dwaande is mei it oprêden en skjinmeitsjen fan de sneldyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)