Dyk trochbrutsen op de Burd

05 jan 2012 - 18:36

Op it eilân De Burd by Grou is tongersdeitejûn om goed seis oere in dyk trochbrutsen. Oer in lingte fan 200 meter rint it wetter it eilân oer.

De bewenners wurde troch plysje en gemeente driuwend advisearre om it eilân te ferlitten. Der is ek noch fee op it eilân, mei man en macht wurdt der oan wurke dat feilich te stellen. Der is ek in slim sike man op it eilân, hy sil mei in ambulânse ophelle wurde. It pontsje fart noch wol.

Minsken wurde frege it gas en de elektrisiteit ôf te sluten as se fuortgean. De kâns bestiet ek dat de stroom hielendal ôfsletten wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)