Dyk sintraal op spesjale dei

21 sep 2013 - 14:42
  • Dei fan de dyk

Wetterskip Fryslân hâlde sneon de dei fan de dyk. Op it Wilheminaplein yn Ljouwert wiene tal fan aktiviteiten dêr't omtinken is foar it behear en ûnderhâld fan diken. Yn it Fries Museum is ek in útstalling oer de dyk, dy't it ferhaal fertelt fan de ieuwenlange striid tsjin it wetter. Belangstellenden koene ek mei yn in bus op ekskurzje nei de Waadseedyk. Bern koenen op it plein foar it museum in dyk yn in grutte wetterbak bouwe en muskusrottebestriders wienen ek oanwêzich om oer har wurk te fertellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)