Dyk oanpast foar fyts en bist

11 okt 2007 - 17:39

Oanpassings oan de Skarwei by Rotstergaast moatte de dyk oantrekliker meitsje foar fytsers. De dyk bestiet no noch út klinkers, mar dy wurde meikoarten ferfong troch asfalt. Dat fytst lekkerder, mar jout ek minder lûdsoerlêst.

De oanpassings binne ek geunstich foar de bisten yn it natuergebiet It Easterskar, dêr't de dyk trochhinne rint. Sa komme der passaazjes dêr't amfibieën trochhinne gean kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)