Dyk Koatstertille wurdt feiliger

28 jul 2006 - 10:38

De provinsje hat maatregels naam om de dyk de Koaten ûnder Koatstertille feiliger te krijen. Op in part fan de dyk is in ynhelferbod ynsteld. Dat moat derfoar soargje dat de automobilisten tenei stadiger ride.

Op de Koaten wurdt faak te hurd riden. Ek wurdt der faak gefaarlik ynhelle. Dat bringt grutte risiko's mei foar de omwenners as dy de dyk oer wolle. Pleatstlik Belang Koatstertille is wiis mei de oanpassings oan de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)