Dyk Klein Zwitserland ticht

06 jan 2012 - 10:09

De dyk nei rekreaasjegebiet Klein Zwitserland út it yndustryterrein yn Sumar bliuwt foareast ticht foar it ferkear. De wetterstân is te heech.

De oare tagongsdyk nei de camping is ek ôfsluten. Minsken wurde dêr tsjinhâlden troch meiwurkers fan in bewakingsbedriuw. Allinich gasten fan de camping meie der oerdeis del. Jûns kinne se net op en fan de camping komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)