Dyk by It Hearrenfean en De Jouwer wurdt stroefer makke

28 okt 2015 - 13:56

Rykswettersteat makket dizze wike it asfalt op de knyppunten by It Hearrenfean en De Jouwer stroefer. Mei dizze maatregel wol Rykswettersteat de diken feiliger meitsje. It komt de lêste tiid gauris foar dat in auto út de bocht fleant op ien fan de op- en ôfritten. Faak is dat in kombinaasje fan glêd asfalt en hurdriden.

Fan tongersdei ôf wurde ferskate op- en ôfritten ôfsletten. It ferkear wurdt omlaat. De rûtes wurde mei giele buorden oanjûn. Neffens Rykswettersteat moatte minsken rekken hâlde mei langere reistiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)