Dyk It Amelân heger

11 mrt 2009 - 07:33

Wetterskip Fryslân pakt de seedyk op It Amelân oan. De 17 kilometer lange wetterkearing foldocht net mear oan de easken. It wetterskip presintearre de plannen tiisdeitejûn foar boeren, bestjoerders en bewenners fan it eilân.

De dyk wurdt mei sa'n oardel meter ferhege, sadat de dyk foar de kommende 50 jier beskerme is tsjin in superstoarm dy't gemiddeld ien kear yn de 2000 jier foarkomt. De dyk wurdt ek breder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)