Dyk by Goutum wer iepen

14 mrt 2013 - 10:23

De Hindrik Algrawei by Goutum is tongersdeitemoarn om 10 oere wer iepengien foar alle ferkear. Earder wie der in grut ûngelok bard. Trije persoane-auto's, in buske en in frachtwein kamen meielkoar yn botsing.

Twa persoanen waarden mei lichte ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. De dyk hat inkele oeren ticht west foar it ferkear, wêrtroch de moarnspits Ljouwert yn finaal fêstrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)