Dyk bûten spits wer yn gebrûk

12 apr 2007 - 16:48
  • De dyk Dronrop-Winsum
  • Yn 'e spits wurdt it ferkear noch wol tsjinhâlden

De dyk tusken Winsum en Dronryp is net langer de hiele dei ôfsletten foar slûpferkear. Allinnich yn de moarns- en jûnsspits is de dyk noch ôfsletten foar minsken fan bûten de doarpen.

In pear wike lyn ûntstiene der problemen troch slûpferkear. Dat waard feroarsake trochdat de provinsjale dyk tusken Winsum en Ljouwert ticht is fanwege wurksemheden. It ferkear hat him goed oanpast. Sadwaande kin de dyk bûten de spits wol wer iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)