Dyk Berltsum-Sint Anne opknapt

19 jan 2005 - 13:48

It ferbetterjen fan de dyk tusken Berltsum en Sint Anne set noch dizze maaitiid útein. De provinsje hat der in bedrach fan 2,7 miljoen foar beskikber steld. Neist de dyk wurdt in nije rydbaan oanlein. Dat is nedich omdat de besteande dyk te smel is.

Lânbouferkear makket ek in soad gebrûk fan de dyk. Dat ferkear moat ek yn de takomst oer de âlde rydbaan. Neist de provinsje betellet ek de gemeente it Bilt mei oan de ferbettering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)