Dwight Lodeweges offisjeel los

19 maaie 2014 - 17:15
  • De technyske stêf fan SC Hearrenfean

Hy is eins al in oantal wiken foar SC Hearrenfean yn it spier, mar moandei binne trainer Dwight Lodeweges en syn technyske stêf offisjeel presintearre. Earder wie al bekend makke dat de technyske stêf fierder bestiet út de assistinten Johnny Jansen en Tieme Klompe.

Lodeweges hat in protte nocht oan syn nije aventoer by Hearrenfean. In aventoer dat oer in dikke moanne úteinset. Foarsitter Jelco van der Wiel is tige grutsk op it feit dat Dwight Lodeweges de nije trainer wurdt.

Assistint-trainer Johnny Jansen sjocht ek út nei de gearwurking. Hy hat al earder mei de trainer te krijen hân yn it ferline, doe Lodeweges noch assistint wie by Hearrenfean. Jansen hat de ambysje om yn de takomst trainer te wurden en tinkt dat er in soad leare kin fan Lodeweges.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)