Dwerse man út Easterwâlde oppakt yn de TT-nacht yn Assen

27 jun 2015 - 11:31
  • Files en grutte ferkearsdrokte yn Drinte fanwege de TT

In ynwenner fan Easterwâlde is by de TT-nacht yn Assen oppakt troch de plysje. De man (28) makke him neffens de plysje skuldich oan it fersteuren fan de iepenbiere oarder. Wat de man krekt útheefd hat hat de plysje net bekend makke. De man waard oppakt op de Stelling yn Assen. Mei-inoar waarden freedtenacht tsien minsken oanhâlden by de nacht fan Assen.

Dêrneist hat de plysje by kontrôles yn it hiele lân motorriders bekeurd, dy't ûnderweis wienen nei de TT. Dat wie om in ferskate redenen, ûnder oare fanwege te hurd riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)