Dwerse man oppakt op Nijstêd

04 jan 2011 - 10:45

De plysje hat moandeitenacht yn Ljouwert in 23-jierrige man út dy stêd oanhâlden foar bedriging. Surveillearjende plysjes waarden op de Nijstêd oansprutsen troch in man dy't sei dat er krekt dêrfoar bedrige wie. Wylst se stiene te praten, kaam de fertochte derby mei in strjitstien yn de hân. Dêr soe er mei smite.

Hy waard oanhâlden, mar fersette him en misledige de plysje. De man is yn de boeien slein en meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)