Dwerse Ljouwerters oppakt

02 nov 2014 - 12:28

Twa Ljouwerters binne sneontenacht op it Ruterskertier yn de stêd oanhâlden foar misledigjen en mishanneljen fan plysjes. It duo, in man fan 34 en in frou fan 24 jier, mochten in pear kroegen yn de Doelesteech net yn en waarden ferfelend. De frou misledige de plysje en klaude de plysje yn it gesicht doe't se oanhâlden waard. De man sloech in oare plysje mei in fûst yn it gesicht. It duo is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)