Dwerse Ljouwerter oppakt

07 des 2014 - 11:43

De plysje hat sneontenacht in 26-jierrige Ljouwerter op it Ruterskertier oanhâlden om't er de iepenbiere oarder fersteurde. De man wie út in hoarekagelegenheid set en de plysje frege him nei syn identiteit. By dat petear waard er ferfelend en begûn er de plysjeman te triuwen. Nei't him sein waard ôfstân te hâlden, gie er troch mei syn gedrach. Doe't de plysje him oanhâlde woe, fersette er him. De man is ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)