Dwerse Holwerter(18) oanhâlden

10 okt 2010 - 13:21

De plysje hat sneontenacht yn it sintrum fan Dokkum in dwerse Holwerter (18) út syn auto lutsen. De Holwerter foel op troch gefaarlik rydgedrach en wie ek tsjin de fyts fan in plysjeman oanriden. De man negearde stoptekens fan de plysje en wegere ek om út syn auto te kommen. Hy waard dêrom troch in plysjeman út syn auto lutsen.

De man fersette him sa fûl tsjin syn oanhâlding dat de plysje him lang om let mei in soad muoite yn 'e hânboeien sloech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)