Dwerse Feanster oppakt

24 maaie 2010 - 14:29

In 47-jierrige man út Surhústerfean hat it de plysje knap lestich makke doe't dy him oanhâlde soe foar riden ûnder ynfloed. Plysjeminsken hiene de man oan it begjin fan de jûn dronken yn it sintrum fan Surhústerfean sjoen en seagen him letter yn in auto riden.

De man besocht in plysje oan te riden en naaide doe sûnder ljocht op mei hege snelheid út. Hy ried hurd troch it doarp sûnder ljocht en stoppe op in hiem op de Warrebosleane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)