Dweilmasine spulbrekker Flyers

12 feb 2011 - 07:37

De iishockeywedstryd fan de A6.NL Flyers fan It Hearrenfean út tsjin Den Haach is freedtejûn net trochgien. In dweilmasine hie it iis fernield. De Flyers wiene al dwaande mei de warming-up, mar it slagge de minsken fan de iisbaan yn Den Haach net om it iis te reparearjen.

Der sil no in nije datum socht wurde foar it spyljen fan de wedstryd. Snein spylje de Flyers de topper yn en tsjin Nijmegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)