Dwarse Snitser twa kear op bon

29 nov 2011 - 09:54

De plysje hat moandei op It Hearrenfean twa bekeurings útdield oan in 23-jierrige man út Snits. De man waard trapearre doe't er mei syn auto op de Stadionwei by in plysjekontrôle delried. Hy foel op omdat de útlaat fan syn auto in soad leven makke.

Doe't er oan de kant stie, begûn er fuortendaliks te skellen tsjin de plysje. Doe't er ek nochris wegere om syn papieren sjen te litten, hat de plysje him meinaam nei it buro. Dêr krige er bonnen foar de stikkene útlaat en it net sjen litte kinnen fan syn legitimaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)